Welkom op de website van Stichting Oud-Achtkarspelen

Het Achtkarspelenliet 

 
 

Fan de Lauwers oant de Swemmer,

fan de Swadde oant de Lits,

leit ús moaie grietenije

as in trijehoek: in trits

tsjeppe doarpen, kreaze buorrens;

klaai- en feangrûn, ’t hege sân.

Wêr’t ús mem my praten learde,

dat dêre is myn heitelân.

 

Diken, glêd en brún fan ekkels,

greiden fol mei tierich fee;

koetsekralen by de stekken,

apelhôven om’t hússtee.

Dêr’t de ljurken tiereliere,

reager ropt yn d’iere moarn;

dêr’t de blommen ’t fjild fersiere,

bin tolve karspels yn it lân.

 

Earme heide is net te finen:

nijwûn lân jout nije sin.

Wa moat no noch skrobbers bine?

Yn it bouwen leit gewin.

Spitkeet waard in foech fabrykje,

skippen gliidzje en brûze yn’t wiet.

Wat yn Fryslân kin belykje

dit leaflik gea, dat alles biedt .

 

 


Het lied kan gezongen worden op de wijs van ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet’.